Sportcast

  • Autor: Vários
  • Narrador: Vários
  • Editora: Podcast
  • Duração: 104:20:34
  • Mais informações

Informações:

Sinopse

Is sport de wichtichste bysaak fan it libben? Dizze SportCast is foar eltsenien dy't dat fynt. Us sportferslachjouwers prate yn de podcast oer de ferrjochtingen fan Fryske sporters.De Sportcast is te finen yn iTunes.Of yn dyn eigen favoriete podcastprogramma fia RSS

Episódios

  • SportCast #78: "De reedrydbubbel is ien fan de feilichste plakken op de wrâld"

    13/01/2021 Duração: 43min

    Der wie in hiele hoop lucht foar nedich, mar dizze wike is de reedrydbubbel opblaasd. Hast 300 riders en harren coaches binne de kommende wiken yn Fryslân om dochs noch in pear ynternasjonale wedstriden te riden. Alle reden foar in ekstra SportCast om foarút te sjen op it EK sprint en allround fan kommend wykein. Dat dogge we mei reedrydster Letitia de Jong en âld-rider Douwe de Vries, dy't as foarsitter fan de atletekommisje de riders fertsjinwurdiget.

  • SportCast #77: "Dit is Heerenveen-onwaardig"

    11/01/2021 Duração: 43min

    Trainer Johnny Jansen fan Hearrenfean siet snein troch corona thús mei sjachrijn op de bank te sjen nei de nederlaach fan syn ploech tsjin Fortuna Sittard. Jansen miste de spirit, de gif en neamt it "Hearrenfean-onwaardig". We prate mei Jansen oer de wedstriid, oer de komst fan nije spilers en oer corona. Dêrneist ha we ek kontakt mei Sipke Hulshoff, dy't troch guon sjoen wurdt as de kroanprins ûnder de assistint-trainers en freed mei syn ploech FC Volendam wûn fan SC Cambuur.

  • SportCast #76: "Siem de Jong hopet op Hearrenfean-debút snein: Ik kan gewoon spelen"

    04/01/2021 Duração: 33min

    SC Cambuur is de earste Fryske klup dy't wer yn aksje komt en dat docht it suksesfol. Mar wie it echt wol de beste helte fan it seizoen? En kin Siem de Jong snein syn debút meitsje foar SC Hearrenfean? Yn de nije SportCast sykje we kontakt mei de oanwinst fan de Feansters. En assistint-skiedsrjochter Hessel Steegstra fertelt oer it WK foar klups, dêr't er mei skiedsrjochter Danny Makkelie en kollega-assistint Mario Diks fan Ljouwert nei ta mei.

  • SportCast #75: "Der binne tefolle spilers dy't by Hearrenfean net thus jouwe"

    28/12/2020 Duração: 36min

    It is winterstop, mar der spilet genôch by SC Hearrenfean en SC Cambuur om te bepraten. Hearrenfean sil him fersterkje, mooglik mei Tibor Halilovic. Mar wat moat der noch mear by? En Cambuur is op wei nei promoasje. Of gean der noch spilers fuort? En yn dizze podcast binne jim it net fan us wend, mar we ha it ek oer reedriden en Sven Kramer.

  • SportCast #74: "Sipke Hulshoff moat kieze tusken Ajax of Feyenoord"

    21/12/2020 Duração: 46min

    Der is wer in hiel soad te bepraten yn de nije SportCast: de nederlaach fan SC Hearrenfean, de krekt útbrochte jiersifers fan de klup, feestende supporters yn Ljouwert en SC Cambuur dat mei sân kompetysje-oerwinningen op rige de winterstop yn giet. En dan wie der noch de kontraktferlinging fan Mitchel Paulissen, wylst hy dêr ferline wike noch tige geheimsinnich oer die.

  • SportCast #73: "Zonder Sandor hadden we vorig jaar een groot probleem"

    14/12/2020 Duração: 43min

    Wer net geweldich spylje, mar wol wer winne. It is it ferhaal mominteel fan SC Cambuur. De Ljouwerters stean fier oan kop. We prate mei Mitchel Paulissen oer wêrom't it no sa goed giet, oer syn konkurrint Robin Maulun en oer assistint-trainer Sandor van der Heide. En we sjogge werom op it duel tusken Vitesse en SC Hearrenfean.

  • SportCast #72: "Ik vind Siem de Jong niet een logische keuze"

    07/12/2020 Duração: 51min

    Nei in wedstriid mei twa gesichten, ha SC Hearrenfean en PSV snein de punten ferdield. We prate der oer mei âld-Hearrenfeancoach Gertjan Verbeek. Syn boek waard ferline wike presintearre, mar mei Verbeek is der altyd wat te bepraten. We sjogge werom op SC Hearrenfean-PSV, hy is kritysk oer de komst fan Siem de Jong en hy praat oer syn ambysjes om direkteur fan Hearrenfean te wurden. Fierder ha we it oer Cambuur, dat midden yn de titelrace sit en dat wylst it spul wat minder wurdt. En we belje mei assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra oer de hektyske slotfaze by SC Hearrenfean.

  • SportCast #71: "It is ûnbegryplik dat it stichtingsbestjoer krekt no in bom leit"

    30/11/2020 Duração: 43min

    Fuotbaljend hat SC Cambuur alles perfekt op 'e rit, mar dêrbûten is it de lêste wiken flink yn 'e war. Earst kaam it nijs dat de bou fan it nije stadion stillein wurdt en in pear dagen lyn ûntplofte de bom yn de Ljouwerter bestjoerskeamer. Genôch om oer te praten yn de nije SportCast. Fansels giet it ek oer SC Hearrenfean, dat yn Den Haach net fierder kaam as in lykspul.

  • SportCast #70: "Bytsje earmoedich dat SC Hearrenfean it balbesit lit oan RKC"

    23/11/2020 Duração: 31min

    SC Hearrenfean kaam tsjin RKC Waalwijk net fierder as in lykspul (1-1), mei troch in betide reade kaart foar Sieben Dewaele. Dochs steane de Feansters keurich op it sechde plak yn de earedifyzje. Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fierder oer dy wedstriid. Ek giet it oer SC Cambuur, dat De Graafschap relatyf ienfâldich ferslaat en efter Almere City twadde stiet yn de earste difyzje.

  • SportCast #69: Foppe de Haan: "Cambuur wurdt kampioen"

    16/11/2020 Duração: 55min

    SC Hearrenfean kaam dit wykein net yn aksje fanwege de wedstriden fan it Nederlânsk alvetal, wylst SC Cambuur snein de flier oanfage mei konkurrint Almere City. Genôch reden om troch te praten oer it fuotbalwykein en om djipper op dé klup fan ús gast yn te zoomen. Dat dogge we yn de SportCast mei âld-trainer en klupikoan Foppe de Haan fan SC Hearrenfean.

  • SportCast #68: "As FC Utrecht Henk de Jong hellet, dan helje se in suksestrainer"

    09/11/2020 Duração: 38min

    It wie foar de beide Fryske betellefuotbalklups net sa'n suksesfol wykein: Jong Ajax en AZ namen yn totaal seis punten mei yn de bus nei Noard-Hollân. SC Hearrenfean wie kânsleas tsjin in goed fuotbaljend AZ en SC Cambuur miste kâns op kâns, wêrtroch't Jong Ajax mei de oerwinning nei hûs gie. We prate deroer yn de nije SportCast en ek giet it oer Joey Veerman en Jong Oranje, Henk de Jong en FC Utrecht en ja, alwer: handsballen.

  • SportCast #67: "PSV is skofterich"

    02/11/2020 Duração: 32min

    "Mei ik dat sa sizze? Ja, eins wol, ik fyn it skofterich." Ferslachjouwer Geert van Tuinen hat it oer PSV, dat fan 'e moarn pas bekend makke dat de wedstriid tsjin Cambuur fan moandeitejûn net trochgiet. Neffens Rik Elfrink fan it Eindhovens Dagblad binne der no tsien gefallen fan corona by PSV. We prate yn dizze Sportcast mei Elfrink, mar we prate ek oer it sukses fan de nûmer fjouwer fan de Earedivyzje Hearrenfean en oer topskoarder Henk Veerman.

  • SportCast #66: "Ik zou heel graag trainer van Cambuur willen worden"

    26/10/2020 Duração: 34min

    It wie wer in poerbêst fuotbalwykein foar de Fryske klups: Cambuur helle de perioadetitel en it bearesterke SC Hearrenfean fersloech FC Emmen. Genôch om oer nei te praten yn de nije SportCast, mar der wurdt ek fêst foarútsjoen. Woansdei spilet Cambuur tsjin RKC Waalwijk, dêr't âld-Cambuur-keeper Fred Grim no trainer is. Hy krijt noch altyd waarme gefoelens by Ljouwert en docht in opfallende útspraak. Ek fertelt Jesse Rozendal oer syn skiedsrjochtersdebút en oft it slagge is mei it 'gebaar' foar de SportCast.

  • SportCast #65: "In Breda gaan we al uit van de periodetitel"

    19/10/2020 Duração: 47min

    NAC Breda mist troch corona miskien wol de helte fan syn basisteam, dochs gean se der yn Breda al hast fanút dat de earste perioadetitel nei NAC ta giet. Sa seit klupwatcher Yadran Blanco fan BN DeStem. "We hebben stiekem al een filmpje opgenomen, dat we er vanuit gaan dat de periodetitel naar NAC gaat." Yn de Sportcast prate we oer de topper NAC Breda-SC Cambuur, oer de kânsleaze nederlaach fan Sportklup Hearrenfean en prate mei skiedsrjochter Yadran Blaco, dy't freed debutearret yn it betelle fuotbal.

  • SportCast #64: "Ik vind NAC niet de favoriet"

    12/10/2020 Duração: 37min

    "Als je de aanvalspatronen terug ziet komen, denk ik dat we heel goed bezig zijn. We hebben zeker geen klagen. We maken veel, mooie goals. Veel goals zijn ook trainbaar, daar geniet ik echt van. Dat is bijna wekelijks genieten. Voor iedereen." Martijn Barto is loovjend oer de ploech dêr't er spitsentrainer is. Cambuur wûn dit wykein mei 5-0 fan FC Dordrecht. We prate mei Barto en mei syn âld-kollega en no spitsentrainer fan Dordrecht Mark de Vries.

  • SportCast: #63: Drokke Deadline Day foar Hamstra en Booy

    05/10/2020 Duração: 30min

    It is tiisdei 'Deadline Day', de lêste dei dat fuotbalklups spilers keapje en ferkeapje meie. Der stiet by sawol SC Hearrenfean as SC Cambuur noch it ien en oar te gebeuren. Dêrom prate we yn de Sportcast mei de twa technyske managers fan de betelle fuotbalklups. Gerry Hamstra en Foeke Booy fertelle oer harren plannen op de transfermerk.

  • SportCast #62: Issa Kallon oer ynteresse: "Er speelt wel wat"

    28/09/2020 Duração: 35min

    De grutte man oan de kânt fan SC Cambuur wie freed Issa Kallon. Hy skoarde fjouwer kear tsjin Jong FC Utrecht. Yn de Sportcast prate we mei de Cambuur-oanfaller. We prate ûnder oare oer ynteresse fan oare klups: "Er speelt wel wat." We prate ek oar it sukses fan SC Hearrenfean, dat nei njoggen wedstriden boppe-oan stiet. En we prate mei assistint-skiedsrjochter Hessel Steegstra oer de diskusjes oer de VAR en de handsbal-regel.

  • SportCast #61: "Joey Veerman? Dy jonge is fabuleus"

    21/09/2020 Duração: 29min

    Wa't ein augustus sein hie dat SC Hearrenfean nei twa wedstriden koprinner wêze soe fan de earedifyzje, wie warskynlik foar gek ferklearre. Alle wedstriden yn de tarieding waarden ferlern, mar nei Willem ll (2-0) bûnen de Feansters ek Fortuna Sittard (3-1) oan de oerwinningsrige. Der wurdt wiidweidich oer praat yn de nije SportCast, lykas dat de sportferslachjouwers it hawwe oer de teloarstellende resultaten fan SC Cambuur de lêste twa wiken.

  • SportCast #60: Robert Mühren genietet yn Ljouwert: "Een genot om hier elke week te spelen"

    14/09/2020 Duração: 40min

    It wie in ferrassend fuotbalwykein, dêr't yn de nije SportCast wiidweidich oer praat wurdt. SC Hearrenfean hie yn de tarieding alles ferlern, mar wûn de earste kompetysjewedstriid krekt wól. Wylst SC Cambuur tsjin in ferrassende nederlaach oan rûn. Topskoarer Robert Mühren fan de Ljouwerters is te gast yn de SportCast en hy besiket de finger op it seare plak te lizzen. Dêrnjonken sprekt er syn bewûndering út foar in doarpsgenoat dy't yn it Abe Lenstra Stadion fuotballet.

  • SportCast #59: "Ik stean op it fjild, ik hear oerwâldlûden, ik stap fan it fjild. Wêrom docht gjin ien dat?"

    07/09/2020 Duração: 29min

    "Cambuur moat gewoan fan it fjild ôfstappe." It ûnderwerp rasisme by de wedstriid fan ôfrûne sneon tusken MVV en Cambuur (1-7) is ek yn de Sportcast in ûnderwerp. Sa fynt Roelof de Vries dat eltsenien dy't yn it stadion sit mear ferantwurdlikheid nimme moat. Issa Kallon waard de ôfrûne jierren yn Maastricht rasistysk bejegene en ek sneon krige hy wer oerwâldlûden te hearren. Cambuurferslachjouwer Andor Faber hat de "oe-oe-oe-lûden" heard doe't hy yn it stadion wie. Hy is it foar in grut part wol mei Roelof iens. "It hie krêftiger west as Cambuur fan it fjild ôfstapt wie."

página 5 de 9