Informações:
Sinopse
Training 3 2 x 8 minuten en 1 x 5 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten kuierje Jaring de Groot: "Mei bûnzjend hert" We rinne no in oantal wiken, mar hoe fluch moat ik eins rinne? Oant no ta is de regel om seker net te fluch te rinnen, sa datst dyn sykheljen ek noch ûnder kontrôle hast. We rinne yn in rêstich oant hiel rêstich tempo. By it hurdrinnen binne twa hertslaggen fan grut belang. De rêsthertslach en de maksimale hertslach. De rêsthertslach kinst it bêste opnimme ast moarns noch op bêd leist. Doch dyn tomme by dyn pols en dan tel 15 sekonden it tal slaggen. Doch dat oantal kear fjouwer en dan hast dyn hertslach per minút. De hertslach moat dan tusken de 60 en 80 sitte. Hoe better de kondysje is hoe leger de rêsthertslach. By ynspanning dochst itselde. Foar it berekkenjen fan dyn maksimale hertslach is in rekkenformule; 220 - dyn leeftiid (froulju mei krekt wat heger sitte mei 226) en dan noch ris 10 derôf. Mar wy traine foaral yn de lege hertslaggen. Dan moast toch wol tinke oan 220 minus de l