Fit Mei Femke

Wike 8 - Training 3

Informações:

Sinopse

Training 3 9, 7, 5, 3 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten (9, 7) of 1 minút (5, 3) kuierje Hurdrincoach Jaring de Groot oer superkompensaasje en blessueres Superkompensaasje is yn fan de belangrykste trainingprinsipes. It is de basis fan wêrom datst fan hurdrintraining better wurdst, ast mar genôch tiid nimst om ta rêst te kommen. Do trainst en dêrtroch wurdt de balâns yn dyn lichem fersteurd. De training soarget derfoar dat oan de ein fan dyn training de ynspanning ek genôch is. Nei de training sil it lichem bykomme moatte. As it werstel goed genôch is, sil dit net allinnich oant it basisnivo wêze mar der krekt boppe. Krigest dus wat ekstra enerzjy! Wurdt der dan dêrnei net mear traind, dan sil it nivo wer útkomme op de prestaasje fan foar de training. Ien kear per wike traine is net genôch. De perioade tusken de beide trainingen is te grut en dêrtroch wurdt neat opboud. Twa kear yn de wike traine is dus minimaal en trije kear is optimaal. En as der net genôch werstel is, dan is de kâns op blessuer