Fit Mei Femke

Wike 9 - Training 1

Informações:

Sinopse

Training 1 8 x 2 minuten hurdrinne, tuskentroch 1 minút kuierje Coach Jaring de Groot oer hurdringadgets It hurdrinnen is troch de jierren bot feroare. En dan wurdt foaral ek doeld op de groeimerk wat de kommersy oanbelanget. Sjoch mar ris yn in hurdrinspesjaalsaak. Dêr binne net allinnich hurdrinskuon en hurdrinklean te krijen, mar de saak hinget ek fol mei allegear assessoires. Fan horloazjes mei alles der op en der oan oant spesjale rêchpûden mei bygelyks twa liter wetter deryn foar de lange ôfstannen. En fia ynternet, de sosjale media en ferskate apps binne tal fan programma, logboeken ensaf. te finen. Omrop Fryslân docht dêr no ek oan mei mei de searje podcasts foar 'Fit mei Femke' Sjoch mar ris op ynternet nei wat der allegear te krijen is of rin de hurdinspesjaalsaak binnen. Jaring de Groot